Man wol oppakt wurde, en krijt syn sin

07 okt 2020 - 11:33

In 28-jierrige ynwenner fan Ljouwert is yn de nacht fan tiisdei op woansdei oanhâlden, nei't er dêr sels om frege hie.

Foto: Ben de Jager, Omrop Fryslân

De man wie om likernôch ien oere hinne by it plysjeburo oan de Holstmeerweg oankaam, en sei dat it net goed mei him gie. Hy woe graach oanhâlden wurde. Mar om't der gjin reden foar de plysje wie om de man fêst te setten, waard him frege om wer fuort te gean. Hy koe yn de moarntiid werom komme, om dan te sjen oft der help foar him regele wurde koe.

De man wie it hjir net mei iens en smiet mei in stien ien fan de ruten stikken. Hjirnei wie der wol genôch reden om de Ljouwerter oan te hâlden. De plysje sil woansdei sjen oft er help krije kin.

Trefwurden: 
plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)