Mei ynter-Fryske app makliker mei Friezen oer de grins kommunisearje

Neist it Frysk dat we hjir yn Fryslân prate, wurdt der ek Frysk praat yn de gebieten Noard- en East-Fryslân yn Dútslân. Mei de nije ynter-Fryske app 'Interfrisian Keyboard' is it makliker om te kommunisearjen yn de talen fan it Sealterfrysk, Eastfrysk Plat en Noardfrysk.
© Jongfryske Mienskip
De app is troch ferieningslid Onno Feldmann makke en biedt oan de ferskillende Fryske talen toetsebuorden mei yntegrearre wurdboeken.
Yn de takomst sil de app ek noch in autokorrektfunksje krije. Onno Feldmann: "Mei dizze app hawwe wy de lytsere Fryske talen in mooglikheid jûn om makliker te kommunisearjen. Grut of lyts, wy hâlde fan alle Fryske talen."

Ynter-Fryske ferbining

Plakferfangend foarsitter fan de Jungfräiske Mäinskup yn East-Fryslân: "In protte Friezen witte net iens fan it bestean fan de oare Fryslannen ôf. Dat moat gewoan feroarje. Dit is ien fan de boustiennen dy't derfoar soargje moat dat wy ús bewust wurde fan de ynter-Fryske ferbining."
De Jongfryske Mienskip wol mei de stipe oan dit projekt it brûken fan de Fryske en Friso-Saksyske talen stypje.
De app Interfrisian Keyboard is fergees del te heljen yn de Play Store (Android).