Kollum: "Wane"

"Ik haw hiel faak omtoarke yn de Alde Feanen. Neffens de webside fan Merk Fryslân hie ik my dan wane moatten yn de Amazône, de rivier dy't fan Perû nei Brazilië rint. Ik haw dat nea dien. Ik haw my altyd gewoan waand yn de Alde Feanen, tusken Warten en de Headammen. Yn de Amazône hawwe se gjin 18-mêd, gjin Skeanesleat en gjin Izakswiid. Yn de Alde Feanen hawwe we gjin krokodillen.
© Omrop Fryslân
Kollum Eelke
Merk Fryslân is de offisjele regiomarketingsorganisaasje fan Fryslân. Dat neame se offisjeel, dan krije se yn alle gefallen bakken fol jild fan de provinsje. Dy't Fryslân hjit, en net sa as Merk Fryslân seit 'Friesland'. Sterker, it spesjale gefoel foar in eigen folweardige taal wurdt net brûkt op dy marketingwebside. Lytse talen, dy't wy sa nijsgjirrich fine yn Ierlân, Wales, Kataloanië en sa, jilde foar Friesland blykber net as toeristelokkerke.
Wy moatte ús nammentlik foardwaan as wat oars. Okee, Ljouwert wol ús net yn in pream sette, sa as we yn Fryslân wend binne. Nee, dêr moatte we yn in gondel. Mar om je dan daliks yn Venetië te wanen. De Ljouwerter iggen donderje echt net sa gau yn elkoar as dy fan it San Marcoplein dêr.
Starum is, mei tank oan dy rige lilke kleure huzen oan de âlde haven, krekt Kopenhagen neffens Merk Fryslân. Ik seach it fanwegen dy kleuren mear as Kurasao, mar ek dan mist Starum fansels noch dy skitterjende draaibrêge fan Willemstad.
De Stichting Alde Fryske Tsjerken slacht op de trom om minsken te fertellen dat al har âlde tsjerken wer opknapt binne. Merk Fryslân stjoert de toeristen nei Ealahuzen, dêr stiet noch in tsjerke ûnder wetter by de Langehoek. Dan binne je neffens Merk Fryslân efkes yn Atlantis.
As ik de Aldehou sjoch, moat ik my wane yn Pisa. Dêr stiet ek wat skeef. Of as ik de Bosbergtoer yn Appelskea opklim om oer Drinte te sjen, moat ik my wane yn de Burj Khalifa. Ik soe net iens witte wêr't dy stiet. As ik de bosken ûnder dy toer yn gean, dan bin ik ynienen yn Kanada. Ja, dêr hawwe se ek beammen. En we hawwe hjir no al in wolf, mar noch gjin bearen.
Leaf Merk, as ik troch de dunen fan Flylân strún bin ik net op safary; as ik troch Oranjewâld fyts by dy grutte lânhûzen del bin ik net yn Kent. En om't Jan Faber in platootsje makke hat fan stiennen dy't him yn de ruilferkaveling oer de teannen rôlen, hoech ik my net yn Stonehenge te fielen, mar bin gewoan yn Mûnein.
As ik it timpeltsje fan Ids Willemsma op de Waaddyk stean sjoch, fiel ik my net op de Sineeske muorre. Foppe de Haan is dêr mei de Olympyske Spelen fan 2008 in eintsje oprûn en seit dat it in hiele sjou wie. Dan wol ik my dêr net wane; it timpeltsje fan Ids kom ik samar yn. Dan sjoch ik de wide romte fan it waad, en dan waan ik my net yn it Australyske bûtengebiet. As ik dêr in fûgel sjoch, tink ik net dat ik op de Galapagoseilannen bin. Ik bin gewoan op ús Waad. In op himsels steand ynternasjonaal unyk UNESCOgebiet.
Merk Fryslân hat wol in bytsje gelyk. As ik lâns de alvestâdefonteinen toffelje, fiel ik my yn it bûtenlân. Dy fonteinen binne ûnfrysk. Dêrom binne se hjir delset yn it jier dat we Kulturele Haadstêd fan Europa wiene en tochten dat we dat fertale moasten yn alderhanne bûtenlânsk gedoch. Doe wiene we ússels al net mear.
We hawwe wol gauris yn it bûtenlân west. Moai. Dan rieden we wer werom en seine: hjir is it ek moai. As we by Nijemardum troch de bosk ynienen by de Iselmar útkomme, dan hoech ik Gurbe net sjonge te hearren oer de Cliffs of Moher, want we binne yn in unyk stikje fan Gaasterlân. Sa soe ik trochgean kinne.
Us eigen gebiet. De hiele provinsje. De súdeasthoeke hat gelyk, alles is unyk. Fryslân is net te fergelykjen mei hokker stikje fan de rest fan de wrâld. Lokkich soarget de corona derfoar dat we net op fakânsje nei it bûtenlân hoege. We kinne, sûnder op de webside fan Merk Fryslân te sjen, hjir gewoan bliuwe."