Liveblog | 7 oktober 2020

Coronanijs fan 7 oktober: Nij rekôr: 106 besmettings yn de ôfrûne 24 oeren

Folgje yn dit liveblog it lêste nijs oer de coronakrisis yn Fryslân.
Lêst bywurke: 7 oktober 2020, 22:56
23:00

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit coronaliveblog fan woansdei 7 oktober. Tongersdei is der op ús webside en yn ús app in nij liveblog mei it lêste Fryske nijs oer it coronafirus.
21:17

Waadhoeke oerleit mei hoareka

Wethâlder Caroline de Pee fan gemeente Waadhoeke hat woansdei oerlis hân mei ferskate ûndernimmers yn de hoareka. De wethâlder wol graach hearre wêr't de hoareka tsjinoan rint yn de coronatiid.
21:13

Fryske reedriders kinne it iis net op: iishal Inzell sletten fanwegen besmettingen

De iishal yn Inzell, de Max Aicher Arena, is foarearst sletten fanwegen twa coronabesmettingen by Dútske reedriders. Dat meldt it Dútske reedrydbûn. Yn Inzell binne op dit stuit ek in soad Fryske reedriders, wêrûnder Sven Kramer, Ireen Wüst, Femke Kok en Michelle de Jong.
Lês hjir mear:
De Max Aicher Arena yn Inzell © Martin de Jong
20:24

Opnij corona op Ljouwerter Lyseum

De learlingen fan klasse 4, 5 en 6 fan it Ljouwerter Lyseum meie tongersdei en freed net op skoalle komme fanwegen in coronabesmetting. Dat hat de skoalle yn in e-mail oan de âlders witte litten. It is al de tredde kear dat learlingen fan it Lyseum thúsbliuwe moatte fanwegen it coronafirus. Earder gie it om hiel vwo-5 en hiel havo-5.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
19:53

Merke op De Gordyk skrast

De merke dy't fan 22 oant en mei 25 oktober op De Gordyk hâlden wurde soe, is skrast. "Helaas hebben wij vandaag het besluit moeten nemen om de Gordykster najaarskermis te annuleren," skriuwt de organisaasje. "Met de huidige Covid-19 maatregelen en de op dit moment verhoging van het aantal Corona infecties waardoor het vooruitzicht ongewis is zien wij geen mogelijkheid om de najaarskermis te kunnen laten doorgaan."
It bestjoer hopet wol dat de maitiidsmerke fan 29 april oant en mei 2 maaie 2021 trochgean kin.
© Kermis Gorredijk
19:49

Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân ropt op om de CoronaMelder-app te brûken