SC Cambuur nei minne earste helte rom foarby Helmond Sport

06 okt 2020 - 23:12

SC Cambuur hat tiisdeitejûn op besite by Helmond Sport mei 5-1 wûn. Alle goals fan de Ljouwerters foelen yn de twadde helte. By it skoft gie leechfleaner Helmond Sport noch oan de lieding.

Trainer Henk de Jong oer de wedstriid:

Henk de Jong nei Helmond Sport - Cambuur

De nûmer achttjin fan de earste difyzje kaam yn de 43e minút op foarsprong troch in doelpunt fan Alec van Hoorenbeeck. Hy koe nei in korner fan tichteby binnensjitte. Oant dat momint hie Cambuur noch gjin echt grutte kânsen hân.

Yn de twadde helte wie it Cambuur dat it spel makke, mar ta grutte kânsen kaam dat yn de begjinfaze net. Yn de 57e minút wie it lykwols Jamie Jacobs dy't Cambuur wer op likense hichte brocht. Hy kaam allinnich foar de keeper nei't Mitchel Paulissen in spikerhurde pass fan Calvin Mac-Intosch mei syn boarst by Jacobs krige.

Wer Jacobs

Ynfaller Jacobs helle trije minuten letter syn gram noch mar ris. De middenfjilder koe in pass fan Robert Mühren fan tichteby binnensjitte, wêrtroch Cambuur de lieding pakte yn Noard-Brabân: 1-2. Dat doelpunt betsjutte in mentale klap foar Helmond, dat totaal net mear yn it spul foarkaam.

Issa Kallon makke der yn de 66e minút 1-3 fan en fjouwer minuten letter wie it troch in treffer fan Robert Mühren definityf klear: 1-4. En dêrmei wie it noch net klear, want ek Paulissen koe nei in foarset fan Giovanni Korte noch skoare: 5-1. Dat wie úteinlik ek de einstân.

Jamie Jacobs oer de wedstriid:

Jamie Jacobs nei Helmond Sport - Cambuur

Cambuur komt troch de oerwinning op in dield twadde plak mei Almere City. De Ljouwerters hawwe in better doelsaldo as Almere, mar de ploech út Flevolân hat wol in wedstriid minder spile.

Sneintemiddei stiet der wer in wedstriid op it programma foar Cambuur. Dan is yn in leech Cambuurstadion FC Dordrecht de tsjinstanner.

Foto: www.orange-pictures.nl

Helmond Sport - SC Cambuur 1-5 (1-0) 43. 1-0 Alec van Hoorenbeeck, 57. 1-1 Jamie Jacobs, 59. 1-2 Jamie Jacobs, 66. 1-3 Issa Kallon, 70' 1-4 Robert Mühren, 75. 5-1 Mitchel Paulissen.

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Ter Heide, Mac-Intosch, Schouten, Sambissa; Paulissen, Hoedemakers, Breij; Antonia, Mühren, Kallon.

(Advertinsje)
(Advertinsje)