Fiif jier sel easke foar stekynsidint op treinstasjon De Westereen

06 okt 2020 - 22:31

It Iepenbier Ministearje hat tiisdei fiif jier sel easke tsjin in 30-jierrige man dy't fertocht wurdt fan it delstekken fan in 25-jierrige frou op it stasjon fan De Westereen. It slachtoffer rekke ferwûne oan de earms en it gesicht en is no foar in part ferlamme, nei alle gedachten troch in ferwûning yn de nekke.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De fertochte en it slachtoffer flechten fiif jier lyn út Eritrea nei Europa. De man kaam yn Denemarken terjochte en de frou yn De Westereen. Neffens de fertochte bleau de relaasje tusken harren troch de jierren yn stân, mar neffens it slachtoffer wie dat net it gefal.

Trije dagen foar it stekynsidint hie de man al by har oan de doar west. Hy waard oanhâlden en op fersyk fan de Deenske autoriteiten naam de plysje syn ferbliuwsfergunning yn. Op de dei fan de stekpartij, 11 novimber, kamen de man en de frou inoar wer tsjin op it stasjon fan De Westereen, dêr't sy op de trein siet te wachtsjen. Ut it neat wei begûn de fertochte op it slachtoffer yn te stekken. In omstanner helle him by de frou wei.

Skeafergoeding en smertejild

Neist it bliuwend letsel hat it slachtoffer ek in posttraumatyske stresssteurnis (PTSS) oerhâlden oan de oanfal op it treinstasjon. Se easket yn totaal 40.000 euro oan skeafergoeding en smertejild fan de fertochte.

De rjochtbank docht op 20 oktober útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)