Harkemase Boys nei haadtoernoai KNVB Beker mei oerwinning op Flevo Boys

06 okt 2020 - 21:51

Harkemase Boys hat him tiisdeitejûn pleatst foar it haadtoernoai fan de KNVB Beker. Yn de lêste kwalifikaasjeronde wie de treddedifyzjonist mei 5-2 te sterk foar haadklasser Flevo Boys út Emmeloord.

Trainer Jan-Piet Bosma oer de wedstriid:

Trainer Harkemase Boys Jan-Piet Bosma

De besikers kamen yn de 17e minút op foarsprong troch in doelpunt fan Yumé Ramos. De âld-spiler fan ONS Snits skeat fan tichteby hurd binnen. Mei in goed heal oere op de klok kaam Harkemase Boys lykwols wer op likense hichte. Jari Slort koe nei in counter fia Gerald Postma en Henny Bouius yn de koarte hoek raak sjitte.

Koart nei it skoft kaam Harkemase Boys op foarsprong troch in doelpunt fan Kian Visser. Hy koe in foarset fan Jesse Renken foarby de keeper fan Flevo Boys koppe. De wedstriid like beslist doe't in hurd skot fan Slort fia de peal en doelman Volken Huisman yn de goal telâne kaam: 3-1.

Doelpuntemakker Jari Slort oer de wedstriid:

Harkemase Boys-spiler Jari Slort

Ynfaller Johan Tiems makke yn de 73e minút lykwols de oanslutingstreffer. De Harkiten liken de kontrôle oer de wedstriid te ferliezen. Trije minuten letter makke Tiems hast de lykmakker, mar syn skot waard blokt.

Henny Bouius befrije Harkemase Boys úteinlik doe't keeper Huisman gjin antwurd hie op syn skot: 4-2. Ynfaller Berwout Beimers makke der efkes letter sels noch 5-2 fan.

Haadtoernoai

Yn it haadtoernoai fan de KNVB Beker nimt Harkemase Boys it yn in útwedstriid op tsjin de winner fan it duel tusken Kozakken Boys en DEM. Dy wedstriid wurdt woansdeitejûn om 20.00 oere spile.

De earste ronde fan de KNVB Beker is yn de lêste wike fan oktober.

(Advertinsje)
(Advertinsje)