Hurdfytser Pieter Weening ferwûne troch fal by Giro d'Italia

06 okt 2020 - 20:53

Hurdfytser Pieter Weening hat in pear skaafwûnen oerhâlden oan in fal yn de fjirde etappe fan de Ronde fan Italië. De 39-jarige Harkemaster fan Trek-Segafredo gie nei sa'n 55 kilometer ûnderút troch in bidon, dy't op de dyk fallen wie.

Pieter Weening - Foto: www.orangepictures.nl

Weening liet him neisjen troch in dokter, mar koe de etappe gewoan útride. Hy kaam hast 3 minuten nei de Frânske ritwinner Arnaud Démare oan yn Villafranca Tirrena. Neffens Trek-Segafredo sil Weening noch wol in pear dagen lêst hawwe fan de skaafwûnen. "Maar niets zal verhinderen dat hij van start gaat in de vijfde etappe."

De dielnimmers oan de Giro sille nei fjouwer ritte op Sicilië mei in fearboat nei it Italiaanske fêstelân, dêr't se noch 2,5 wike koerse sille.

(Advertinsje)
(Advertinsje)