Noppert mei fearkrêft nei twadde ronde World Grand Prix

Darter Danny Noppert hat tiisdeitejûn de twadde ronde fan de World Grand Prix yn Coventry berikt. De Jouster kaam fan in betide efterstân werom en wûn úteinlik mei 2-1 yn sets fan Ryan Searle út Ingelân.
© Orange Pictures
De earste leg fan de wedstriid gie ienfâldich nei de Ingelskman, dy't dêrnei ek de twadde leg pakte. Noppert krige yn dy twadde leg wol twa kânsen, mar miste op de dûbel achttjin en de dûbel njoggen. Searle profitearre en wûn dêrnei ek de earste set fan de partij: 3-0.

Noppert op 'e tiid wekker

Dêr't de Fries yn de earste set kwa gemiddelde fier achter bleau, kaam hy yn de twadde sterk werom. Yn tolve darts pakte Noppert de earste leg. Ek de twadde gie ienfâldich nei de Jouster, dy't dêrnei fia tops de stân op 1-1 yn sets brocht.
Yn de beslissende set makke Searle as earste de 1-0. Noppert makke mei in finish fan 127 lyk en begûn doe goed yn de leg fan de Ingelskman. Fia dûbel seis kaam hy op 2-1 yn legs foar, wêrnei't hy syn eigen leg en de oerwinning mei twa pylken op tops feilich stelde.
De twadde ronde fan de World Grand Prix wurdt letter dizze wike spile. Noppert treft dêryn Gary Anderson, dy't tiisdei mei 2-0 te sterk wie foar Rob Cross.
De World Grand Prix is it iennige toernoai fan it jier dêr't de darters sawol mei in dûbel begjinne as einigje moatte. Gewoanwei wurdt it telefyzjetoernoai yn Dublin (Ierlân) hâlden. Om't der fanwegen de coronamaatregels gjin publyk yn de seal sitte mei, is it dartbûn útwykt nei it Ingelske Coventry.