Omrop TIP: Podcast 'Fan binnenút' oer ferhalen út de GGZ wei

06 okt 2020 - 18:11

De searje 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei' wie de ôfrûne wiken al te sjen op telefyzje by Omrop Fryslân, mar sûnt dizze wike is der ek in podcast-fariant. Yn dizze podcast praat programmamakker Miranda Werkman ien-op-ien mei helpferlieners fan de GGZ.

"Ik haw ek de telefyzjesearje makke en dêryn kamen we sa'n soad ferhalen tsjin. Yn de searje folgje we foaral de pasjinten, mar der sit noch sa'n wrâld efter en hoe mear je dêr fan witte hoe nijsgjirriger it wurdt", seit Werkman.

Beharkje it folsleine petear mei Miranda Werkman oer de podcast:

Miranda Werkman oer de podcast

Yn 'Fan binnenút' praat programmamakker Miranda Werkman ien op ien mei helpferlieners fan de GGZ. Hoe sjogge sy nei de tanimming fan it tal meldingen oer ferwarde persoanen? Wat is der feroare yn har wurk, de maatskippij en it belied? Werom krijt de ien it wol en de oar net? En hoe kwetsber binne se sels?

(Advertinsje)
(Advertinsje)