Haachske fertochten oerfal Drachten mei pistoal foarearst langer fêst

Twa ynwenners fan Den Haag dy't oppakt binne neidat op 22 juny yn Drachten yn in wenning oan de Melkkelder drige wie mei in pistoal, bliuwe langer fêstsitten. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert tiisdei besluten op de pro-formasitting yn dizze saak.
In pistoal © Shutterstock.com
Yn de nacht fan 22 juny grypte de plysje yn yn it hûs nei in melding fan bedriging mei in pistoal. Der waard in arrestaasjeteam op ôfstjoerd omdat der in fjoerwapen yn it spul wie. Fjouwer persoanen binne oanhâlden: de twa Hageners, in 34-jierrige frou út Drachten en in 49-jierrige man út Den Bosch. Dêrby waard in warskôgingskot lost troch de plysje.
Neffens de advokaat fan de Hageners soe it wapen fan de plysje op ien fan syn kliïnten rjochte wêze. De offisier fan justysje fynt it net wierskynlik, mar lit ta dat de plysje yn in oanfoljend proses-ferbaal it sjitynsidint beskriuwt.
Yn it hûs waarden twa pûdsjes kokaïne en 102 boltsjes kokaïne oantroffen.
De ynhâldlike sitting stiet foar 8 desimber op de aginda.