Provinsje wol produksje 'sirkulêr plestik' stimulearje mei subsydzje

06 okt 2020 - 21:20

De provinsje Fryslân wol Fryske bedriuwen derta oansette gebrûk te meitsjen fan it nije Nationaal Testcentrum Circulaire Plastics NCTP yn Aldehaske. Dat giet meikoarten iepen en kin bedriuwen helpe om duorsumer te produsearjen, seit deputearre De Rouwe.

Plestik ôffal op tafel op in wurkkonferinsje fan Plasticvrije Wadden. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Mei in nije subsydzjeregeling wol de deputearre de drompel foar Fryske bedriuwen om harren produkten teste te litten sa leech mooglik meitsje.

Testdei ynkeapje

Foar de regeling is yn earste ynstânsje 150.000 euro beskikber. Bedriuwen kinne dat jild ynsette troch, mei in beheinde eigen bydrage, in 'testdei' yn te keapjen by it nije testsintrum. De provinsje wykt mei dizze streekrjochte opdracht ôf fan de eigen oanbestegingsregels, mar omdat it NCTP op lanlike en Europeeske skaal in unike testfasiliteit is, fynt Sander de Rouwe dat wol ferantwurde. It NCTP sil meikoarten iepene wurde troch steatssiktaris Stientje van Velthoven.

Oerstappe op bioplestik of opnij brûkber plestik

"Wy soene it moai fine as Fryske bedriuwen foaroan komme te stean, as it giet om it meitsjen fan sirkulêre produkten. Dêr kinne se it nije testsintrum moai by brûke", seit De Rouwe. De deputearre hopet bedriuwen te stimulearjen om oer te stappen op bioplestik, of op in pestiksoarte dy't maklik op 'e nij te brûken is.

Weromhâldend

"Troch corona sjogge we dat in soad bedriuwen weromhâldend binne om no te ynvestearjen yn ynnovaasje. Wy betelje no de earste testdei foar de bedriuwen. Dat kinne sy sjen oft it wat foar harren is. It giet der net allinnich om om bedriuwen oerein te hâlden, mar ek om harren perspektyf te bieden foar de langere termyn mei nije, sirkulêre produkten."

Harkje nei deputearre Sander de Rouwe

(Advertinsje)
(Advertinsje)