Begraffenissen yn coronatiid: "Het botst met alles wat mensen op dat moment willen"

06 okt 2020 - 17:21

Ofskied nimme fan je dierbere yn coronatiid: it makket in begraffenis of kremaasje noch fertrietliker. In treastrike oankrûper wêr't elkenien op sa'n momint ferlet fan hat, it mei net. Op de coronabetinkingsdei dizze tiisdei komme sokke ferhalen nei boppen. "Het is bizar soms en verdrietig", seit útfeartbegeliedster Cisca Keijzer fan Ljouwert. Yn de lêste twa wiken hat se tolve kear in útfeart begelaat. "En elke keer moet je in de uitnodiging zetten dat er corona-maatregelen gelden. Dat vind ik heel moeilijk".

Begraffenissen 2

By it begjin fan de coronakrisis mochten der net mear as 30 minsken by de begraffenis of kremaasje, no meie der mear, mar it moat wol op oardel meter. Dat betsjut dat noch hieltyd minsken dy't by it ôfskied wêze wolle, wegerje wurde moatte. "Dat vind ik heel zwaar. Dat je in de gastenlijst moet knippen. Sommige mensen mogen er niet bij. Trouwens, er zijn ook genodigden die zelf besluiten niet te komen, omdat ze bang zijn besmet te raken".

In útfeart - Foto: eigen foto

Ek de oardelmetermaatregel jildt by in útfeart. "Ik voel me soms echt een politie-agent. Ik moet gasten erop wijzen dat ze afstand moeten houden, juist op die momenten dat ze elkaar nodig hebben, elkaar willen knuffelen en troosten. Dat botst met alles wat mensen op dat moment willen, namelijk verbinding met elkaar zoeken".

Keijzer seit dat dizze coronatiid freget om nei te tinken oer in passend ôfskied. "Zo hebben we laatst in de buitenlucht bij het crematorium een prachtige erehaag gevormd rond de kist. Enkele maanden geleden reden 250 motorrijders in optocht voor hun overleden vriend. Zoiets bijzonders heb ik nog nooit meegemaakt".

(Advertinsje)
(Advertinsje)