SC Cambuur hiert Joris Kramer fan AZ en hat opsje te keap

Sportklup Cambuur hat him op de lêste dei fan de transfermerk fersterke mei Joris Kramer. De 24-jierrige ferdigener wurdt fan ien seizoen hierd fan AZ Alkmaar. De Ljouwerters ha ek in opsje ta keap oan de ein fan dit seizoen.
Joris Kramer yn it shirt fan AZ © www.orange-pictures.nl
Kramer hat hast 100 wedstriden spile yn de earste difyzje. Hy wie oanfierder fan Jong AZ. De Alkmaarders ferhierden Kramer yn it seizoen 2016/2017 al oan FC Dordrecht. Ofrûne jier makke Kramer syn debút yn it earste alvetal fan AZ.
It wie al langer bekend dat Cambuur efter Kramer oansiet. Henk de Jong sei fan 'e wike al dat er Kramer der graach by ha woe. Ek technysk manager Foeke Booy is bliid: "We volgen Joris al langer en zijn blij dat we hem eindelijk naar Leeuwarden hebben kunnen halen. Joris is een linksbenige centrale verdediger die niet alleen sterk is in de duels, maar ook comfortabel is aan de bal."