Skoallen Skier ûndertekenje yntinsjeferklearring oer gearwurking

06 okt 2020 - 16:09

Der wurdt wurke oan ien Leer- en Ontwikkelsintrum op Skiermûntseach. Dêroer ha de gemeente, de basisskoalle, it fuortset ûnderwiis en de sintra foar berne-opfang in yntinsjeferklearring ûndertekene. De ynset is om ien sintrum te ûntwikkeljen dêr't bern fan 0 oant 16 jier in trochgeande learline folgje kinne dêr't ien team him mei dwaande hâldt.

Foto: Gemeente Schiermonnikoog

Yn de yntinsjeferklearring bekrêftigje de partijen dat se harren ynspanne sille om ynhâldlike gearwurking foarm te jaan. Yn maaie 2021 soe de tarieding klear wêze moatte sadat yn it folgjende skoaljier losgien wurde kin mei de nije gearwurking.

De winsk fan de skoallen is dat der ek fan ien gebou út wurke wurde kin. De gemeente sil in helberheidsûndersyk opstarte nei in mooglikheid dêrta.

Trefwurden: 
ûnderwiis Skiermûntseach
(Advertinsje)
(Advertinsje)