Wiebe Wieling hâldt op as foarsitter fan skoalkoepel OVO Fryslân-Noord

06 okt 2020 - 15:03

Wiebe Wieling hâldt mei yngong fan 1 jannewaris op as bestjoersfoarsitter fan skoalkoepel OVO Fryslân-Noord, dêr't de skoallen fan OSG Piter Jelles en RSG Simon Vestdijk ûnder falle. Oant de simmer fan 2021 helpt er de organisaasje noch wol. Wieling is sûnt 1 augustus 2009 foarsitter fan Piter Jelles.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Piter Jelles is op 1 jannewaris dit jier fusearre mei Simon Vestdijk ta de koepel OVO Fryslân-Noord. De ried fan tafersjoch is wiis mei de rol fan Wieling yn syn alve jier as foarsitter. "Hij heeft de organisatie tijdens een dynamische periode geleid, waarbij de scholen en de organisatie grote veranderingen hebben doorgemaakt. Er heeft een grote imagoverbetering plaatsgevonden, er zijn samenwerkingen aangegaan en is er een professionele onderwijskoepel gerealiseerd met daarin 12 unieke en kwalitatief sterke scholen."

Folkert Bangma folget Wieling op as bestjoersfoarsitter. Hy siet sûnt 2015 yn it bestjoer fan Piter Jelles.

(Advertinsje)
(Advertinsje)