SneekermeerRun giet net troch, organisaasje net bliid mei gemeente

06 okt 2020 - 14:32

De earste edysje fan de SneekermeerRun giet net troch. De hurdrinwedstriid soe op sneon 17 oktober wêze, mar de organisaasje fielt him net stipe troch de gemeente Súdwest-Fryslân en hellet no in streek troch it evenemint.

Foto: Omrop Fryslan, Wytse Vellinga

Fanwegen de coronamaatregels hat de organisaasje oanpassingen dien oan it evenemint, mar de gemeente lit yn in skriftlike ferklearring witte dat dat net fier genôch gong. Sa foldogge de oanpassingen net oan de strangere coronamaatregels, dy't sûnt ferline wike jilde. Sa mei der gjin publyk lâns de kant stean. De organisaasje hie der ekstra maatregels foar nimme moatten, mar hat dat net dien. Ek wie de fergunningsoanfraach net folslein, sa skriuwt de gemeente.

De organisaasje is der bot teloarsteld oer en woe graach noch om tafel mei de gemeente, mar dat wol de gemeente net, sa skriuwt de organisaasje fan de SneekermeerRun. De kommende wiken wurdt besjoen oft de earste edysje no yn 2021 plak fine kin. De ynskriuwingen bliuwe foarearst stean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)