Buma: 'Untheffing foar poppoadia en lytse teäters wurdt in drege saak'

06 okt 2020 - 12:30

Mear kulturele ynstellingen in ûntheffing jaan fan de coronamaatregels, is lestich, seit Sybrand Buma, foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân. Sûnt ferline wike hawwe fiif teäters tastimming om mear as tritich besikers ta te litten. Oare teäters en poppoadia lykas Iduna yn Drachten en Het Bolwerk yn Snits wolle ek in ûntheffing.

Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

In ûntheffing sit der foarearst net yn, seit Buma: "Daarna is er weer een grens en weer een, terwijl het de bedoeling is om meer besmettingen te voorkomen."

"Gjin diskusje oer mûlkapkesplicht"

Buma wit neat fan in diskusje ûnder boargemasters yn it Veiligheidsberaad om ôf te wollen fan it driuwende advys om mûlkapkes op te hawwen. It soe in plicht wurde moatte. De boargemaster fan Ljouwert sit yn it lanlik beried as foarsitter fan Feilichheidsregio Fryslân. Der binne mei-inoar 355 boargemasters, seit Buma. Der wie gjin diskusje oer mûlkapkesplicht. Buma folget wat dat oanbelanget noch altyd it lanlik advys.

Oerlis mei studinteferieningen

Buma hat gjin sinjalen opfongen oer in taname yn Fryslân fan it tal feesten thús nei tsien oere jûns as de hoareka ticht is. Wol hat er oerlis hân mei studinteferieningen yn Ljouwert. Lykas bekend wurdt dizze twadde coronaweach benammen feroarsake troch jongerein dy't weromkaam is fan fakânsje yn Spanje en Súd-Frankryk en dy't it firus meinaam hawwe. Ljouwert is in studintestêd en dat is werom te sjen yn it oprinnend tal coronabesmettingen.

Kontrôle

Grutte feesten yn de iepenbiere romte binne noch wol te kontrolearjen, mar hoe moat it by minsken thús, freget Buma him ôf . Want jo meie net achter de foardoar komme as kontrolearjende ynstânsje. As minsken harren thús net oan de regels hâlde, dan bart soks, seit Buma. Hy leit de ferantwurdlikens by de minsken sels del.

Frijheid

Der moat earst sjoen wurde hoe't de maatregels foar de kommende twa wiken útwurkje, foar dat jo oergean op mear restriksjes, fynt Buma. Neffens Buma hat de boargemaster fan Breda as iennige praat oer it ynstellen fan in jûnsklok nei jûns tsien oere as de hoareka tichtgiet. In jûnsklok hat fiergeande gefolgen, net allinnich foar besikers fan de hoareka. Ek minsken dy't earne wêze moatte, wurde yn harren frijheid beheind. Der moatte inkeld strangere maatregels komme, as it mei de sifers de ferkearde kant op giet, seit Buma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)