Moker_B is safolste Ljouwerter artyst dy't trochbrekt yn Nederlânske hiphop

It nûmer Video Vixen fan producer Mohamed Baluah, better bekend as Moker_B, hat mear as 20 miljoen streams op muzykplatfoarm Spotify. It is it earste nûmer dat de producer sa op de kaart set yn de Nederlânske hiphopscene. Moker_B, dy't wennet yn Stiens en opgroeide yn Ljouwert, is it safolste sukses dat de ôfrûne jierren út Fryslân wei trochbrekt yn de hiphopwrâld.
Moker_B brekt troch yn Nederlânske hiphop
Yn 2017 helle rapper Rollàn al in gouden plaat mei 'Danse Avec Moi', ek produsearre troch Moker_B. Ferline jier wie YannO, ek in rapper út Ljouwert, fan it begjin ôf oan de favoryt om de talintejacht 'FunX Talent Summer Vibes' te winnen. No stiet er mei syn Frânsktalige nûmers foaral yn Frankryk heech yn de Spotify-listen.
Dêrneist komt fan Hiewi ynkoarten in studiosesje fan 101Barz online. Yn de hiphopwrâld is it YouTube-kanaal fan 101Barz al jierrenlang heech oanskreaun en wurdst ek net samar útnûge om dêr del te kommen.
Hiphop is foaral yn de Rânestêd hiel grut. Dêr is it fierwei it grutste muzyksjenre en de measte grutte hiphopartysten komme dêr ek wei. Mar de lêste jierren begjint dat wat te feroarjen en krije artysten út oare hoeken fan it lân ek hieltyd mear kânsen. Foaral troch it ynternet is it foar muzikanten as Moker_B makliker om heard te wurden.
Dochs bliuwe de manlju yn Fryslân. Hiphop is hjir gewoanwei net sa grut. De artysten soene it wol moai fine om ek hjir mear bekendheid te krijen, mar earne is de rêst ek wol lekker.
Ferslachjouwer Jeroen Boersma praat mei de hiphopartysten