Kuiertocht Fjoertoer Skylge giet ek yn 2021 net troch

Fjoertoer Skylge giet ek yn 2021 net troch. De kuiertocht mei trije rûtes fan 16, 21 en 26 kilometer waard yn maart dit jier al skrast fanwegen de coronamaatregels. It finansjele risiko is te grut neffens de organisaasje. En soe de ynskriuwing útsteld wurde oant begjin 2021, dan is der ek noch in oar probleem: it gebrek oan beskikbere akkommodaasje foar de dielnimmers.
Skylge © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
"It is in tige soere appel dêr't we yn maart fan dit jier trochhinne bite moasten", seit Antsje van der Zee út namme fan de Fjoertoer-organisaasje. "Alles wie klear foar in geweldige Fjoertoer Skylge, mar covid-19 smiet op it lêste momint roet yn it iten."
Normaal sprutsen soe de organisaasje no al úteinsetten wêze mei de tariedings foar de Fjoertoer fan folgjend jier. "Mar op dit stuit kinne we gjinien de garânsje jaan dat de Fjoertoer folgjend jier wol trochgean kin", seit Van der Zee. De organisaasje wol it risiko, ek út finansjeel eachpunt, net nimme.

Oernachtingsplak

As de ynskriuwing útsteld wurdt nei begjin kommend jier is dêrneist de kâns grut dat in soad akkommodaasjes op Skylge al beset binne troch oare eilângasten. Sûnder oernachtingsplak is it net mooglik om diel te nimmen oan de Fjoertoer, om't der jûns gjin boaten mear werom gean. Datselde probleem spilet as de kuiertocht nei de hjerst ferpleatst wurdt.
"Wierskynlik binne alle dielnimmers krekt sa teloarsteld as wy", seit Van der Zee. De organisaasje hat yntusken al in nije datum fêststeld: 26 maart 2022.