Nije oplieding yn Snits moat personielskrapte yn transportsektor ferhelpe

In nije mbû-oplieding yn Snits moat derfoar soargje dat der tenei genôch goed oplaat personiel yn de transportsektor is. De lessen wurde fersoarge troch regionaal opliedingssintrum Friese Poort yn gearwurking mei in pleatslik transportbedriuw en oare partijen.
© ROC Friese Poort
De earste groep learlingen is tiisdei úteinset mei de oplieding 'ToLo'. Dy is ûntstien út in gearwurking tusken ROC Friese Poort, Hoekstra Transport en oare partijen, ûnder oare in autorydskoalle yn Balk en de gemeente Súdwest-Fryslân.
Se begjinne mei in middelbere beropsoplieding op nivo 2, mar dêr bliuwt it net by. It is de bedoeling de kommende jierren fierder út te wreidzjen. Want der binne noch in soad iepensteande banen yn de transportwrâld, bygelyks foar planner, groepslieder en sjauffeur.