Daniel Høegh makket oerstap nei FC Midtjylland

06 okt 2020 - 08:28

Fuotballer Daniel Høegh spilet takom seizoen yn Denemarken foar FC Midtjylland. De Deen stie de ôfrûne trije jierren ûnder kontrakt by SC Hearrenfean, mar de klup woe it kontrakt fan de sintrale ferdigener net ferlingje.

Foto: OrangePictures

Høegh spile 76 offisjele wedstriden foar SC Hearrenfean. FC Midtjylland is de regearjend kampioen fan Denemarken en spilet dit seizoen yn de Champions League.

(Advertinsje)
(Advertinsje)