Kollum: "Ien deameitsje mei in blide mosk"

'Kemke Fok hat by treningswedstriden yn Thialf 37,5 riden. De rapste tiid ea fan in Nederlânske frou op It Hearrenfean'. Behalve it entûsjasme fan myn kollega foel benammen it spoonerisme yn syn meidieling op. In spoonerisme is it ferdraaien fan letters, lidwurden of wurden yn sinnen. Sa ûntstean faak komyske, iroanyske of betiizjende effekten.
Willem Schoorstra © Omrop Fryslân
De toan fan Willem Schoorstra
Tink wat dat oangiet oan Fred&Ria fan Draadstaal: Fred is de absolute einbaas fan spoonerismes. Noch in kampioen fan ûnbedoelde spoonerismes wie Philip Freriks, de eardere nijslêzer. Dy syn 'scheldgieter' yn stee fan 'geldschieter' is legindarysk. En dan ha ik it noch net iens oer in 'schetenwapper', in 'mat in de garkt' of in 'gespierde scheur'. Sa kinst ek ien dea meitsje mei in blide mosk. Of útglydzje oer in skananebyl.
Hawar, je hawwe dus ûnbedoeld ferhaspeljen, en fersprekkings dy't mei opsetsin makke wurde. Dat lêste bart in protte mei persoansnammen. Hylke de Boer wurdt dan Bylke de Hoer, om mar in foarbyld te neamen. Sok boartsjen mei taal hat in lange tradysje. Fan de 16de-iuwske skriuwer Rabelais mei syn foarleafde foar dûbelsinnige teksten, oant de dichters Étienne Tabourot, John O'Mill en de kabaretiers Henk Elsink en Seth Gaaikema oan ta. Drs. P wie ek in master yn sokke taalboarterij.
In resinter foarbyld is dat fan taalkundige en kabaretier Wim Daniëls. Yn 2018 ferskynde dy syn Koken met taal, in boek fol mei spoonerismes en taalgrapkes. Mei dat wurk is Daniëls in natuerlike opfolger fan Battus, oftewol Hugo Brandt Corstius. Dy syn Opperlandse taal-& Letterkunde út 1981 hat in soarte fan kultstatus.
Om jim in idee te jaan fan wat dêr allegear yn foarby komt, wol ik 'De schand in het Breveningse Hoerkous' de 'Brand in het Scheveningse Kurhaus' foarlêze. It is as in puzel dy't je oplosse moatte. De tekst stiet aanst online, dus kinne jim dêr op it gemak mei oan 'e slach. It is wol in bytsje obseen, mar ik nim oan dat de lytskes nei skoalle ta binne. Dat, stek de earen op, freonen en freondinnen, want dit is 'De schand in het Breveningse Hoerkous'.
'Scheel Heveningen was een vlooi der prammen. Ver weg op zee zag men een pissende vink. De gatbasten waren gezoodnaakt het land te verstraten en riepen in hun kloten buiten lont. Ze kakten hun poffers, en streken elkaar kak in het gelaat. Enkelen kwakten zaad, anderen kakten zalm langs een touw. De guitspasten neukten de bok van het dak. Niets werd gered dan tien linnen tepels en een lul van een predikant in de harige kut van een vinnige pissersvrouw.'
Oant wakom tike!