Hokker hûs fertsjinnet de titel 'Duorsumste Hûs fan Fryslân'?

06 okt 2020 - 07:13

Wat wurdt it duorsumste hûs fan Fryslân? Allinne dizze tiisdei kinst noch dyn stim útbringe op ien fan de tolve hûzen yn Fryslân dy't kâns meitsje op de titel. De winner nimt it fan 10 oant 17 novimber op tsjin de winners út de oare provinsjes dy't meidogge.

Foto: Omrop Fryslan

Húseigeners hawwe faak jierrenlang dwaande west mei it enerzjysunich meitsjen fan harren hûs. De tolve Fryske húseigeners litte sjen hoe't sy it oanpakt hawwe en hoe't harren hûs derút sjocht. It hûs mei de measte stimmen wint de publykspriis fan it Duurzaamste Huis van Fryslân.

De stimronde is ûnderdiel fan de ferkiezing fan it Duurzaamste Huis van Nederland. De Nationale Duurzame Huizen Route organisearret dizze ferkiezing yn gearwurking mei ûnder mear de provinsje Fryslân om húseigeners wurdearring te jaan foar harren ynspannings. "Belangrijkste eis is dat je energieverbruik onder het landelijk gemiddelde ligt", seit Carina den Otter fan de Nationale Duurzame Huizenroute.

Minsken ynspirearje

Doel fan de wedstriid is ek om minsken te ynspirearjen om sels yn te setten op duorsum wenjen. "Het is een mooie manier om het onder de aandacht van een breed publiek te brengen, zodat veel mensen verhalen over duurzaam wonen horen en zelf ideeën krijgen wat er allemaal mogelijk is."

De provinsjewinner nimt it fan 10 oant 17 novimber op tsjin de winners fan Drinte, Gelderlân en Seelân. Neist de publyksferkiezing is der ek in lanlike sjueryferkiezing.

Carina den Otter, fan de Nationale Duurzame Huizenroute

(Advertinsje)
(Advertinsje)