Plan om 1.800 kilometer oan wâlkanten mienskiplik te behearen

Provinsje, gemeenten en Wetterskip Fryslân wolle mienskiplik de wâlkanten fan de farwegen yn Fryslân beheare. Op dit stuit is fan 79 persint net dúdlik wa't no eins ferantwurdlik is foar it ûnderhâld.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Oan dy ûndúdlikheid moat in ein komme. It giet yn Fryslân oer sa'n 1800 kilometer oan wâlkanten. Deputearre Avine Fokkens: "Het gaat om de oevers aan de vaarwegen, dus het gaat niet om de meren. Ons voorstel als de drie overheden is om het beheer samen goed te regelen. Er moet duidelijkheid komen over wie moet wanneer wat betalen."
It jild foar de grutte farwegen moat fan de provinsje komme, oare saken wurde tabedield oan it wetterskip en de gemeenten. Ek moat der in saneamd 'oeverfonds' komme. "Dat is voor de restcategorie, dat fonds gaan provincie en gemeente samen vullen. Aan de bestaande overeenkomsten tussen overheden en particulieren wordt niet aan getornd."
Dit stiet allegearre yn in plan dat noch troch de Steaten moat. "Dat gebeurt hopelijk begin volgend jaar. Als de Staten akkoord gaan, volgt de concrete invulling."
Deputearre Avine Fokkens