Thialf rekket iismaster kwyt; Beert Boomsma hâldt nei hast 20 jier op

IIsmaster Beert Boomsma hâldt mei yngong fan 1 novimber op mei syn wurk yn Thialf op It Hearrenfean. Hy hat hast tweintich jier de iismasines op de bekende iisbaan betsjinne. Hy seit dat er ta is oan in nije útdaging.
Beert Boomsma © ANP
Mei troch syn wurk is de iisbaan útgroeid ta de rapste leechlânbaan fan de wrâld. "As ik sjoch nei de baanrekôrs, kin ik dêr grutsk op wêze." As hichtepunten neamt Boomsma twa ritten op de 500 meter. "It baanrekôr fan Michel Mulder yn 2013 mei 34,3 en de ferbettering dêrfan yn maart troch de Japanner Shinhama nei 34,0. Dat wie hiel moai."

Kwaliteit wurdt net minder

Marc Winters, direkteur fan Thialf, seit tsjin de NOS net benaud te wêzen dat de kwaliteit minder wurdt. "Beert Boomsma weet zeker het meeste van het ijs, maar hij doet het niet alleen. Met name de laatste drie à vier jaar hebben we veel geïnvesteerd in het team. Daar hebben we de afgelopen weken ook al resultaat van gezien."
Hy fynt it wol spitich dat er fuortgiet. "Het is jammer dat hij stopt, maar hij heeft zelf de keuze gemaakt."
© Martin de Jong