Harkemase Boys hellet Mart Dijkstra werom

05 okt 2020 - 18:15

Fuotballer Mart Dijkstra ferfolget syn fuotbalkarriêre by treddedifyzjonist Harkemase Boys. De 30-jierrige middenfjilder, dy't ek as ferdigener út de fuotten kin, spile tsien jier lyn ek by de Harkiten. Dêrnei stie er fjouwer jier lang ûnder kontrakt by SC Cambuur.

Mart Dijkstra - Foto: www.orange-pictures.nl

Dijkstra makke yn 2010 de oerstap fan de jeudoplieding fan FC Grins nei Harkemase Boys. Mei de Harkiten belibbe er in suksesfol seizoen en wûn er ûnder oare de distriktsbeker. Dêrnei gong Dijkstra foar SC Cambuur fuotbaljen. Mei de Ljouwerters waard er ûnder oare kampioen yn de earste difyzje. Nei fjouwer jier Cambuur spile Dijkstra by Sparta en de ôfrûne jierren by NEC. By de klup yn Nijmegen waard syn kontrakt net ferlinge. Fan it simmer trainde Dijkstra noch mei by Cambuur.

"Na meer dan 200 wedstrijden in het betaalde voetbal ben ik blij om terug te keren naar deze warme club", seit Dijkstra oer syn oerstap nei de Harkiten. "Aan Harkemase Boys heb ik deels te danken dat ik het betaalde voetbal heb gehaald."

Letter as trainer

Harkemase Boys wol Dijkstra langere tiid oan de klup ferbine. Nei syn aktive fuotbalkarriêre kin er dêr oan de slach as trainer. Dat wie wichtich foar Dijkstra, seit er. "De club heeft een plan met mij voor de komende jaren en dat geeft aan dat de club me heel graag wilde hebben. Hoe we dat precies in gaan vullen, is van later zorg. Ik wil eerst lekker vlammen. Ik ben nog maar 30 jaar en ik kan nog makkelijk een aantal jaar mee op dit niveau."

(Advertinsje)
(Advertinsje)