Drokke 'Deadline Day' foar Gerry Hamstra en Foeke Booy

It is tiisdei 'Deadline Day', de lêste dei dat fuotbalklups spilers keapje en ferkeapje meie. Der stiet by sawol SC Hearrenfean as SC Cambuur noch it ien en oar te gebeuren. Dêrom prate we yn de Sportcast mei de twa technyske managers fan de betelle fuotbalklups. Gerry Hamstra en Foeke Booy fertelle oer harren plannen op de transfermerk.
De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen. Dêr fynst ek de podcastôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.

Noch mear transferfjoerwurk op It Fean

SC Hearrenfean hat al aktyf west. De klup hiert in Sweedske oanfaller: Benjamin Nygren. Yn de Sportcast fertelt Hamstra oer him: "Het is een talentvolle speler. Dit zijn jongens die jong naar grotere clubs gaan en RC Genk is zo'n club. Die kunnen iets meer betalen dan de gemiddelde Nederlandse club. Het is een jongen die aan de rechterkant kan spelen, in de spits en achter de spits", fertelt Hamstra, dy't ek by dizze hiertransfer wer regele hat dat Hearrenfean deroan fertsjinje kin. It kin op kompliminten rekkenje fan ferslachjouwers Arjen de Boer en Geert van Tuinen.
De Feansters binne noch net útwinkele nei de komst fan Nygren, sa foarseit Hamstra. "Er zal nog een middenvelder bij komen. En iedereen weet dat we ook nog graag een tweede keeper erbij willen hebben." En de technysk manager kin de fans fan Hearrenfean gelokkich meitsje: Joey Veerman bliuwt gewoanwei.

Fleske wyn

Tritich kilometer fierderop besiket ek SC Cambuur noch wat te dwaan foar it sluten fan de transfermerk. Ferslachjouwer Andor Faber wit dat it giet om AZ-ferdigener Joris Kramer, mar dêr wol technysk manager Foeke Booy net oan. "We zetten er wel een wedje op. Je weet bijna alles schijnbaar, dus je bent goed ingelicht. Of niet. Dat moet blijken. Flesje wijn? Die staat!" Neffens ferslachjouwer Geert van Tuinen hie trainer Henk de Jong der ek noch graach in middenfjilder by hawwe wollen. "Henk hat foarige wike hiel dúdlik sein: it wurdt of-of en net en-en."
De nije oanwinst fan SC Hearrenfean: Benjamin Nygren © Orange Pictures
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.