Hegeskoallen lûke mear studinten; fjirdepart mear op Skylger maritym ynstitút

05 okt 2020 - 17:43

By beide Fryske hegeskoallen yn Ljouwert binne dit jier mear nije studinten as ferline jier. Op Van Hall Larenstein binne 4% mear earstejiersstudinten en it tal nije studinten fan it NHL Stenden is tanaam mei 5,2%. Dat lêste is mear as it lanlik gemiddelde fan 5%. Grutste groei is te sjen by Maritiem Instituut Willem Barentsz, dêr binne 26% mear earstejiersstudinten yn ferliking mei 2019. It binne 115 nije studinten.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Foar skoallen wie it dit jier net goed yn te skatten op hoefolle nije studinten se rekkenje koenen yn ferbân mei corona.

"Het was een moeilijke tijd met corona, dus was het lastig te voorspellen" seit Judith van den Hul fan Van Hall Larenstein. "We zijn blij met de stijging. De open dag houden was lastig en het was onzeker of buitenlandse studenten wel kunnen komen. Het zijn er wel minder dan anders. Deels vangen we dat op door online les te geven tot januari. De open dag hebben we online gedaan, belangstellenden konden in gesprek met docenten en studenten. Met name voor de nieuwe opleiding forensisch laboratoriumonderzoek is veel interesse."

Foto: Omrop Fryslân

By Maritiem Instituut Willem Barentsz op Skylge binne in fjirdepart mear earstejiersstudinten. "In november 2019 is ons gebouw opgeknapt en we hebben twee mooie open dagen kunnen houden, nog voor corona. Dat speelde een belangrijke rol en onze opleidingen staan goed aangeschreven", seit direkteur Gerrit van Leunen. "We hebben ook online activiteiten gedaan met de open dag."

Judith van den Hul en Gerrit van Leunen

(Advertinsje)
(Advertinsje)