Studinten meitsje al peddeljend Ljouwerter grêften skjin

05 okt 2020 - 17:39

Sa'n 15 studinten fan de Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden rêde al 'suppend' rommel út de Ljouwerter grêften op. Inisjatyfnimmer is de 20-jierrige Nordin de Boer út Snits. Steand op in planke peddelet er troch de grêften om rotsoai op te pikken. Hy fynt dat leeftiidsgenoaten net genôch dogge om it miljeu te ferbetterjen.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

"Ik erger me aan het zwerfafval, het hoeft niet. Waarom gooien mensen het niet gewoon in de vuilnisbak?" freget Nordin de Boer him ôf. "Als je erop gaat letten, zie je dat er zoveel ligt, ook op straat en dat is zonde. Door de wind waait het in de gracht. Vooral het water bij het Hoeksterend ligt heel veel rotzooi. Het meeste ligt aan de zijkant."

As Snitser is er wol in wettersporter. "Ik sup graag en wil ook mijn steentje bijdragen aan een schonere stad. Andere studenten waren bij mooi weer enthousiast, maar door de regen is een aantal afgehaakt. De grijpers en afvalzakken hebben we gratis van de gemeente gekregen, binnen een uurtje had ik het materiaal al binnen."

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei Nordin de Boer

Guon studinten hienen noch net earder op in sup-board stien. Ien klasgenoat fan Nordin docht ek mei. "Lekker op het water, we maken er een leuke middag met z'n allen."

De rûte is twa kilometer.

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei oare dielnimmers

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)