FIDEO: 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei': it ferhaal fan Rick

05 okt 2020 - 17:33

Je kinne psychiatryske problemen net oanpakke as minsken ek ferslave binne. En oarsom. Dus sitte yn it Flexible Assertive Community Treatment plus net allinne minsken fan de GGZ mar ek fan VNN, Verslavingszorg Noord Nederland. Rick is ien fan de minsken dy't help krijt fan dit team. Net sa faak mear, want it giet yntusken in stik better mei him.

Dat hat wol oars west. Achternei sjocht er ek wol dat de buert lêst fan him hân hat yn de perioades dat er manysk wie. Dat seach er doe net, mar no wol. It brûken fan drugs triggere de manyske perioades. Blowe die er al op jonge leeftiid. Gewoan om te probearjen, mar miskien ek wol om wat te ferdôvjen.

Programmamakker Miranda Werkman sjocht by him thús en giet mei him nei de kringloopwinkel der't er no wurket. Hy fynt it prachtich, dat kontakt mei de minsken; it helpt him of fan de drugs of te bliuwen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)