Thúsûnderwiis by 18 persint fan de skoallen net goed regele

05 okt 2020 - 17:31

By 18 persint fan de skoallen wurdt gjin thúsûnderwiis regele wannear't in learling thús bliuwe moat, docht bliken út in peiling fan de Algemene Vereniging Schoolleiders. Neffens de foarsitter leit dat net iens oan ûnkunde, mar mear oan in tekoart oan mankrêft. Ek by it CSG Comenius yn Ljouwert is it somtiden wrakseljen en sykjen nei oplossingen.

CSG Comenius - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

"Ik skrok wol fan it persintaazje," seit Matthijs van der Steege, teamlieder boppebou Atheneum oan it CSG Comenius yn Ljouwert. "Mar ik haw net de yndruk dat wy dêr by hearre."

Buddy-systeem

De teamlieder leit út wat de wurkwize is as der in learling test wurde moat: "As wy in melding krije dat ien twongen efkes thús sitte moat troch in testsituaasje, giet der in berjocht nei de stúdzjecoach. Wy wurkje mei in 'buddy-systeem.' Der komt in laptop te stean sa't de learling meisjen kin. Dy is dan keppele oan in oare learling of in groepke."

Yn maart-april moast der al sjoen wurde nei it digitaal ynrjochtsjen en foarmjaan fan it ûnderwiis, doe't eltsenien in skoft thús bliuwe moast. Van der Steege tinkt dat it wol efterstannen opsmiten hat. "It is net altyd wer yn te heljen mei byles. En de iene learling kin better wat efterstân hawwe as de oare learling. Foar guon smyt it skea op. In part kinne je reparearje, mar it is nea itselde as in échte les."

Dosinten thús

De helte fan it probleem sit by de kant fan de learlingen, de oare helte by de kant fan de dosinten. "Je hawwe ek te krijen mei kollega's dy't der efkes net wêze kinne. Want ek dosinten kinne siik wurde. Learlingen sitte mear thús en kollega's sitte mear thús. Sjoch it dan mar ris foar 100 persint trochgean te litten."

Technyk

In part fan in oplossing is bettere technyk, seit Van der Steege. "Wy hawwe fjouwer 360-graden-kamera's besteld. As in kollega thús sit, kin dy dêrwei betsjinne wurde. In ûnderwiis-assistint kin dan it lokaal yn de gaten hâlde, wylst de les wol trochgean kin. Sa besykje wy de technyk yn te setten om de les wol trochgean te litten."

Sneltest

Neffens Van der Steege sit de échte oplossing net yn de technyk, mar moat it by it coronatesten wei komme. "Ik tink dat it grutste part fan de ôfwêzigens feroarsake wurdt troch it wachtsjen op in test en útslach. As dat binnen 24 oeren koe, dan soe tink ik wol 90 persint fan ús problemen oplost wêze."

Matthijs van der Steege, teamlieder boppebou Atheneum oan it CSG Comenius

(Advertinsje)
(Advertinsje)