Skuldige coffeeshophâlder lilk op Smellingerlân en krijt rjochterlik pardon

In 65-jierrige coffeeshopeigener fan Drachten moast moandei foar de rjochter ferskine. Yn jannewaris 2018 fûn de plysje goed 25 kilo himp en mear as 23.000 joints yn in loads oan it Helmhout, dat foar de ferkeap bedoeld wie, mar dat eins noch net fan de man wie.
© Shutterstock.com (New Africa)
Technysk sjoen wie de Drachtster gjin eigener fan de drugs, om't er de himp pas betellet as it ferkocht is. De plysje woe foar in brânprevinsjekontrôle ek yn in ôfsletten romte sjen, dêr waarden de drugs fûn.
De eigener fynt lykwols dat de gemeente net earlik west hat. Der waard nei bûten brocht dat der net allinne drugs, mar ek wapens fûn waarden. Dat wie neffens de fertochte net sa. Neffens him hie er altyd in goeie relaasje mei de gemeente, mar it yn beslach nimmen fan de drugs hat him in soad jild koste. It giet om 150.000 euro.
De offisier fan justysje easke in wurkstraf fan 80 oeren. De rjochter ferklearre de man skuldich, mar lei gjin straf op. It giet dus om in rjochterlik pardon.