'Wêr bisto' fan Twarres hellet goud op Spotify; it nûmer bestiet 20 jier

05 okt 2020 - 15:58

Tweintich jier lyn kaam de earste single fan Twarres út en noch altyd is 'Wêr bisto' populêr. It nûmer hat goud helle op streamingstsjinst Spotify. "Hoeveel downloads dat is, weet ik echt niet hoor", seit Mirjam Timmer, skriuwster fan it nûmer en de froulike helte fan it duo.

Twarres mei Mirjam Timmer en Kristian Dijkstra - Foto: Liet

"Daar hou ik me niet mee bezig, maar toen ik het gister hoorde vond ik het wel bijzonder. Ik ben wel grutsk." It smyt net in bak mei jild op. "Je kunt er geen huis van kopen."

Se fynt it moai dat it nûmer noch hieltyd sa populêr is. "Muziek is tijdloos. Ik heb zelf ook liedjes van voor mijn tijd die belangrijk voor me zijn."

'Wêr bisto' wie de earste Frysktalige nûmer 1 en ek yn België die it nûmer it hiel goed. It fielt foar har hielendal net dat it al tweintich jier âld is. "Time flies. We waren van plan om wat te doen met dit jubileum, maar door corona viel dat in het water. Wie weet komt dat nog, maar ik vond het niet gepast om een feestje te vieren in deze tijd."

Se wurdt noch faak op it nûmer oansprutsen. Ek no is se noch altyd mei muzyk dwaande.

Mirjam Timmer

(advertinsje)
(advertinsje)