SC Hearrenfean hiert Sweedske oanfaller fan KRC Genk

05 okt 2020 - 15:32

Sportklup Hearrenfean hat him fersterke mei Benjamin Nygren. De 19-jierrige Sweedske oanfaller wurdt foar twa seizoenen hierd fan KRC Genk. Boppedat hat Hearrenfean in opsje ta keap.

Foto: Martin de Jong

Nygren komt út de oplieding fan IFK Göteborg, mar makke ferline jier de oerstap nei België. De linkspoat hat ferskate kearen spile foar de nasjonale jongereinteams fan Sweden.

It wie bekend dat SC Hearrenfean noch in oanfaller socht. De klup wol ek noch in doelman en in oanfallende middenfjilder oanlûke. De transfermerk is noch iepen oant tiisdei middernacht.

Yn de nije SportCast fertelt technysk manager Gerry Hamstra oer Nygren: "Benjamin is een talentvolle speler, die we al langer op het oog hadden. Maar dit zijn jongens die op jonge leeftijd meestal naar de "grotere" clubs gaan. Bij Genk betalen ze nou eenmaal meer dan bij een gemiddelde club uit Nederland. Maar we zijn blij dat hij uiteindelijk toch bij ons is terechtgekomen. Hij kan op meerder posities uit de voeten, rechts, in de spits en achter de spits."

Gerry Hamstra oer Benjamin Nygren

(Advertinsje)
(Advertinsje)