Eigener ferklaaierswinkel Grou giet net by de pakken delsitten

05 okt 2020 - 14:10

Liuwepakken, prinsessejurkjes of galaklean; by de ferklaaierswinkel yn Grou ha se alles. Mar de doarren gean ticht. Troch it coronafirus komme der hast gjin minsken mear om't alle feestjes ôfsein wurde. Eigener Femke van Heijnsbergen: "It is absolút net leuk om de hiele dei yn de winkel te stean en dat der mar twa minsken lânskomme."

Foto: ANP Foto

Piratekostúms, Marilyn Monroepakken of klean út de jierren 60. Yn Grou ha se werklik alles datst yn in ferklaaierswinkel betinke kinst. Mar sûnt it coronafirus yn Nederlân omspûket, wurde der hast gjin feestjes mear jûn. Sân moannen ha se it fol witten te hâlden yn Grou, mar no gean de doarren ticht. Femke van Heijnsbergen fan Feestkleding Grou baalt der fan: "It fielt ferskriklik, mar it kin net oars."

Van Heijnsbergen: "Wy ha goed fiif jier yn Grou de winkel hân en it rûn geweldich goed. Mar troch corona is ús omset mei 85 prosint nei ûnderen gong. Wy ha noch wol finansjele stipe fan de oerheid krigen yn de foarm fan it needpakket foar ZZP'ers, mar dat wie net genôch om it noch langer fol te hâlden."

Klean komme te keap

Alle klean komme no te keap. "Wy hoopje op ien keaper dy't alles fan ús ha wol", seit Van Heijnsbergen. "As dat net slagget dan ferkeapje wy it oan partikuliere leafhawwers en hoopje wy dat wy minsken bliid meitsje kinne mei ús klean."

Op 1 jannewaris 2021 komt dêrmei in offisjeel ein oan de feestwinkel. Dochs giet Van Heijnsbergen net by de pakken delsitten. "Ik sil op syk nei in nije baan dêr't ik my nuttich meitsje kin. In baan mei wat minder ferantwurdlikheden."

Femke van Heijnsbergen

(Advertinsje)
(Advertinsje)