Gjin Maulun by SC Cambuur, klup hopet AZ-ferdigener Kramer te heljen

05 okt 2020 - 14:01

SC Cambuur giet tiisdei mei in lytse seleksje nei de útwedstriid tsjin Helmond Sport ta. Der binne in oantal blessueres yn de ploech, ûnder wa Robin Maulun. De Frânsman heakke yn de warming-up fan de foarige wedstriid blessearre ôf en is noch net opknapt. David Sambissa is wol werom. Boppedat komt der in nije ferdigener oan yn de persoan fan Joris Kramer fan AZ.

Cambuur-trainer Henk de Jong:

Henk de Jong

De al langer blessearre spilers Ragnar Oratmangoen, Delano Ladan en Stanley Akoy ûntbrekke ek. Maulun mist it duel mei Helmond Sport, mar sil snein nei alle gedachten wol wer spylje kinne. Ek binne der twa spilers dy't ferkâldheidsklachten hawwe en dêrom net traind hawwe. Henk de Jong mei gjin nammen neame: "We hawwe wer wat nije gefallen wêrfan't we ôfwachtsje moatte wat de testen útwize. Ik fyn it ferfelend, hieltyd de spanning fan de testen. Bist hieltyd dwaande fan: der kin noch wat gebeure."

Alex Bangura en Pieter Bos ûntbrutsen op de training. Dat betsjut dat der foar tiisdei twa keepers en fyftjin fjildspilers beskikber binne foar Cambuur. De Jong hat dus mar fjouwer fjildspilers op de bank sitten. Oer de opstelling woe de Drachtster him net útlitte. Oanfierder Erik Schouten en topskoarer Robert Mühren binne nei harren thúskarantêne yn alle gefallen wol wer ynsetber.

Stevens hat medikaasje

Ien fan de spilers dy't der wol is, is Sonny Stevens. De keeper fan Cambuur miste ferline wike in training. "Ik had wat last van mijn heup, ik heb een slijmbeursontsteking. Dat is een beetje vervelend, maar niets ernstigs. Ik heb medicatie meegekregen en dat slaat goed aan", sa seit Stevens, dy't der dus gewoan mei keepe kin.

Doelman Sonny Stevens:

Sonny Stevens

In útwedstriid op tiisdeitejûn yn Helmond. It is miskien net ideaal en ek nij foar Stevens: "Het is even wennen. De ene keer speel je op dinsdag, dan weer op vrijdag en de volgende keer weer op zondag. Ze weten er een mooi programma van te maken", laket de doelman, dy't fol fertrouwen is foar it duel mei Helmond Sport. "We moeten er niet te zwaar aan wegen dat we twee mindere wedstrijden hebben gespeeld (Go Ahead Eagles en TOP Oss, red.), we hebben meer punten gehaald dan vorig jaar tegen die tegenstanders."

"We krijgen er een goede speler bij", seit technysk manager Foeke Booy:

Technysk manager Foeke Booy

SC Cambuur hopet tiisdei in nije ferdigener te presintearjen. De transferperioade rint oant en mei tiisdei en dus kin de klup oant dan noch in nije spiler helje. De Jong hat in ferdigener boppe-op syn winskelist stean: "De klup is dermei dwaande. Ik wit dat se der alles oan dogge. Dat sil fêst goedkomme. Der moat yn de groep efkes wat nijs by. Dat is allinne mar goed foar alles", fertelt de Cambuur-trainer. De namme fan Joris Kramer fan AZ giet rûn. De Jong: "Dat fyn ik in goeien. Mar sa binne der noch mear."

Technysk manager Foeke Booy wol net op de namme fan Kramer yngean. "We krijgen er een goede speler bij, een potentiële basisspeler. Het wachten is op het in orde maken van de papieren."

(Advertinsje)
(Advertinsje)