Poppoadia lilk op Veiligheidsregio: sy wolle ûntheffing foar mear besikers

05 okt 2020 - 12:48

Poppoadia binne lilk dat sy net in ûntheffing krije foar it maksimum fan 30 besikers de romte, dat fiif teäters wol krigen hawwe. De poadia Iduna en Bolwerk hawwe dêrom in brânbrief nei Veiligheidsregio Fryslân skreaun.

Poppoadium Het Bolwerk yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens harren hawwe sy wol sjen litten dat sy de coronamaatregels goed útfiere kinne, neffens de protokollen. En dêrby wie neffens de poppoadia de yndruk wekt dat sy ek foar in ûntheffing yn oanmerking komme soene. Dêrom hawwe de poadia mei de brief in driuwend berop dien op Veiligheidsregio Fryslân yn de hope dat it stânpûnt noch oanpast wurdt.

VVD stelt fragen

Fraksjefoarsitter fan de VVD Ljouwert Marcel Visser fernuveret him oer de gong fan saken: "Voor ons zijn de afwegingen van de Veiligheidsregio onduidelijk. We hebben geen enkele motivering gezien waarom theaters wel en poppodia niet. Normaal gesproken zou je zeggen: gelijke monniken, gelijke kappen. Als zij zich bewezen hebben met het volgen van protocollen, waarom niet."

Visser wol woansdei yn de gemeenteried oan boargemaster Sybrand Buma freegje wêrom't der dochs foar keazen is. Ek is er benijd nei oft echt de yndruk wekt is dat de ûntheffing der wol komme soe.

Ferantwurdlikens ôflizze

It frustrearret Visser. "In het begin was het een crisissituatie, toen was het goed. En de voorzitter handelt natuurlijk ook naar bewind van zaken. Maar er komen nu wel zulke dingen voorbij waarvan wij denken: hier moeten we een gesprek over kunnen voeren. Ik hoop dat deze brandbrief aanleiding is tot gesprek."

It probleem is neffens Visser ek dat de Veiligheidsregio gjin direkte ferantwurdlikens hoecht ôf te lizzen. "Er zitten gekozen mensen in, maar wie controleert hen? Wij worden als raad bijgepraat, maar hebben geen invloed op de besluitvorming."

Ferromming kin lucht biede

De fraksjefoarsitter hat ek wol begryp foar de poppoadia. "Ik kan hun oproep wel begrijpen, hetzelfde geldt voor Neushoorn en Zalen Schaaf in Leeuwarden. Waarom mag in De Harmonie wel 50 man zitten en in Neushoorn niet? De culturele sector is enorm getroffen door de coronacrisis, dus een versoepeling zou enorm veel lucht bieden.

Fraksjefoarsitter Marcel Visser fan VVD Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)