Boargemaster Van de Nadort: "Jammer dat één persoon zich niet aan de regels wilde houden"

05 okt 2020 - 12:30

"De demonstratie bij het Linde College is goed verlopen, alleen jammer dat één iemand weigerde zich aan de regels te houden." Dat seit boargemaster André van de Nadort fan de gemeente Weststellingwerf nei oanlieding fan de oanhâlding fan de man dy't moandeitemoarn aksje fierde tsjin de mûlkapkes by it Linde College yn Wolvegea. Van de Nadort fynt dat de gemeente it rjocht om te demonstrearjen lykwols goed respektearre hat.

vdNadort

Op facebook waard de demonstraasje by it Linde College yn Wolvegea yn it foar oankundige. Dat is lykwols net itselde as in offisjele oanmelding by de gemeente, seit Van de Nadort. "We wisten dat er demonstranten zouden komen, maar we wisten niet hoeveel. Vandaar dat we hebben gezegd dat er op het naastgelegen parkeerterrein mocht worden gedemonstreerd. Helaas hield één iemand zich hier niet aan."

Dêrmei doelt er op de man dy't oanhâlden waard troch de plysje. Van de Nadort leit út wêrom't dat nedich wie. "Deze meneer stond voor het schoolplein te demonstreren en weigerde te vertrekken." Nettsjinsteande de oanhâlding is de boargemaster tefreden oer it ferrin fan de demonstraasje. "Ons doel was om er voor te zorgen dat de leerlingen veilig naar school konden en dat de demonstranten een plek kregen om hun geluid te laten horen. In beide missies zijn we geslaagd."

Oft de oanhâlden man op dit stuit noch festsit, koe de boargemaster net sizze.

Boargemaster André van de Nadort

(Advertinsje)
(Advertinsje)