Rektor Linde College: "Us earste belang is it iepen hâlden fan de skoalle"

05 okt 2020 - 12:14

Rektor Jan Osinga fan it Linde College yn Wolvegea en de man dy't moandeitemoarn dêr tsjin it mûlkapke-advys aksjefierde, steane lyk foarinoar oer. De demonstrant is troch de plysje oanholden noch foar't er syn útiensetting dwaan koe.

Aksje Linde College

De rektor fan it Linde College is net te sprekken oer de aksje. "Der hat in demonstraasje west, mar aldergeloks is it rêstich bleaun en hawwe wy der net in soad fan murken. Ik fyn it wol spitich. Wy binne in skoalle om dingen te learen en om goed ûnderwiis te jaan. Wêr't wy op út binne is dat dit ûnderwiis sûnder steuring plakfine kin."

Neffens Osinga giet it by it opdwaan fan in mûlkapke om in advys, mar de skoalle sjocht wol it leafst dat eltsenien it docht. "Wy hawwe fan it regear en ús koepel, de VO-ried, heard dat der in driuwend advys is om mûlkapkes op te dwaan. Likegoed foar dosinten as learlingen, as sy oer de gong rinne. Dat advys hawwe wy ien op ien oernommen. Freed hawwe wy dat by eltsenien meld. Wy ferplichtsje it net, it is in driuwend advys."

Foto: CAMJO media

En dat is net sûnder reden, seit er. "Wy binne der op út om de skoalle trochgean te litten. Nei maart hawwe wy hast 3,5 moanne ticht west. Dêrom dogge wy der alles oan om de boel iepen te hâlden. As in mûlkapke op de gongen dêr by helpt, dan dogge wy dêroan mei."

Aksjefierder: "Dit is bernemishanneling"

De fertochte dy't moandeitemoarn oanholden is, is it dêr net mei iens. Hy sjocht it as bernemishanneling. "Dit gaat niet gebeuren, ik stel me daar heel principieel in op. Wat we zien is een rector die zich verstopt achter: ik moet met heel veel mensen rekening houden, blablabla. Wij nemen de adviezen van blablabla. Deze man houd ik persoonlijk verantwoordelijk voor de mishandeling van de kinderen hier op school. Dat heb ik hem gemeld ook. Maar de man wil er niet over praten, dus ik dacht: als ik hier ga staan, misschien wil hij er dan wel over praten."

De aksjefierder

De demonstrant stiet net allinne yn syn stânpunt, want ek guon learlingen fine it advys mar ûnsin. "Ik vind het advies eigenlijk slecht, ik vind de mondkapjes helemaal niets. Ik was jammer genoeg niet bij de demonstratie, dat had ik wel mee willen maken. Maar toen was ik nog in bed. Hij had het wel even eerder kunnen melden, dan had ik er ook bij kunnen zijn. Ik vind het wel terecht." In oare jonge seit: "Als het wordt gevraagd, dan doe ik hem op. Maar als het niet hoeft, dan doe ik het niet. Het is niet zo lekker voor de ademhaling."

In pear learlingen fan it Linde College

In pear aksjefierders yn Wolvegea, ien oanholden

Ferslachjouwer Lourens Looijenga wie moandeitemoarn by it Linde College yn Wolvegea. "Deze meneer laat al enige tijd van zich horen, ook maandag een week geleden bij de gemeenteraadsvergadering. Hij is een soort virusontkenner. Hij zegt: als je de ziekenhuizen belt, zal je horen dat er niemand met het virus ligt. Hij denkt dat er geen zieken zijn en dat er niets aan de hand is. Hij vindt dus ook niet dat mensen afstand moeten houden en mondkapjes moeten dragen," leit Looijenga út.

De fertochte kaam moarns nei Wolvegea mei lessener, hy woe by de yngong fan it terrein de minsken tasprekke. "Er waren iets van 7 of 8 actievoerders, de politie wachtte hen op. De burgemeester had via de politie opdracht gegeven om verderop bij de Drafbaan te demonstreren, maar hij weigerde daar gehoor aan te geven. Hij zei: ik heb recht van demonstratie, u kunt mij niet verbieden hier te staan. Maar de politie dacht daar anders over en voor de demonstratie begon zat hij in een politiebusje richting het bureau. Hij is alleen aangehouden, de andere actievoerders niet."

Ferslachjouwer Lourens Looijenga

(Advertinsje)
(Advertinsje)