Jongfryske Mienskip attindearret lanlike polityk op Fryske tema's

De Jongfryske Mienskip hat in spesjale flyer makke foar alle lanlike politike partijen, wêryn't se omtinken freegje foar Fryske tema's dy't op lanlik nivo besletten wurde. Dêrby giet it bygelyks oer de Fryske taal en de leefberens op it plattelân.
© Jongfryske Mienskip
De Jongfryske Mienskip soe graach wolle dat de ferkiezingsprogramma's fan de politike partijen tenei sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk ferskine en dat ek de primêre ynformaasje fan de Ryksoerheid yn it Frysk is. Dat soe in logyske ferfolchstap wêze nei it ferskinen fan de Frysktalige donorfolder. Om it goeie foarbyld te jaan, is de flyer fan de Jongfryske Mienskip twatalich.
Wolter Jetten fan de Jongfryske Mienskip leit út wat it doel fan de flyer krekt is. "Der binne in soad wichtige Fryske tema's. Wy tinke dat it goed is dat wy fan tefoaren lûd jouwe, noch foar de lanlike ferkiezings takom jier. Wy jouwe politike partijen seis tips, ûnder oare op it mêd fan ûnderwiis."
In oar punt is dat de Mienskip hopet dat der mear Friezen yn de Twadde Keamer komme. "Yn oare lannen wurdt der wurke mei kiesdistrikten, sadat alle regio's fertsjintwurdige wurde. Dat is yn Nederlân net it gefal. Fandêr dat wy spesifyk opkomme foar Fryslân. Dizze punten jilde lykwols ek foar alle oare regio's yn Nederlân."
Ferskate partijen ha al reagearre op de flyer en hawwe oanjûn dat sy der yntern binnen de partij oer prate sille.
Wolter Jetten fan de Jongfryske Mienskip