'Blik' fan wurdearring op de Dei fan de Learaar

05 okt 2020 - 10:39

De dosinten fan De Klimstien yn Noardburgum wurde moandei yn it sintsje setten. Alle jierren op 5 oktober is it nammentlik de Dei fan de Learaar en dêrom krije de learkrêften fan de basisskoalle in brochje en oare ferrassings.

Dei fan de Learaar

Baukje Bijma, direkteur fan De Klimstien yn Noardburgum, woe de dosinten fan har skoalle graach ferrasse mei in moarnsbrochje. "Ik fyn it in belangrike dei om jimme yn it sintsje te setten", sei sy tsjin de dosinten. "Wy hawwe in bysûnder jier efter de rêch, dit jier is ek noch ûnwis, mar jimme hawwe sjen litten oer in soad fleksibiliteit en diedkrêft te beskikken yn jimme wichtige wurk."

'Blik' fan wurdearring

Bijma hat it moarnsbrochje sels klearsetten. "Sneon hie ik de tafels al efkes klearsetten en fan 'e moarn betiid stie ik by de bakker om de broadsjes op te heljen." It brochje wie pas it begjin fan de ferrassings foar de learkrêften. "Ik ha wat mei de âlders en de bern organisearre. Ik ha frege om de dosinten in 'blik fan wurdearring' te jaan."

"As it goed is, komme de bern aansten mei in blik op skoalle, mei in moai selsmakke etiket dat se oan de learkrêften oanbiede sille", fertelt de direkteur. "It is in wichtige dei om't de learkrêften belangryk wurk útfiere. It hat dreech west, foar wa net. Leararen binne yn maart hiel rap oergien nei online ûnderwiis, ik ha der grutte bewûndering foar hoe't minsken dat oppakt hawwe."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Ferslachjouwer Johanna Brinkman mei Baukje Bijma

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

In pot fol fruit

Master Rik, dy't les jout oan groep 8, wie entûsjast oer de dei. "Ik kaam op it wurk, en dêr stie ús direkteur mei in geweldige tafel fol mei iten, in prachtich brochje", sa fertelt hy. Ek de bern hawwe der nocht oan. Sjoukje út groep 7 fertelt dat se in pot fol mei fruit meinaam hat. "Ik wit net presys wêrom't it in blik is, mar it is in oantinken oan de masters en juffen. Deze is foar juf Anja, 'bedankt voor de leuke en leerzame lessen, groetjes Sjoukje' stiet derop. Ik ha ek noch in oare juf, foar har nim ik woansdei wat mei."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman op De Klimstien yn Noardburgum

(Advertinsje)
(Advertinsje)