Man oanhâlden by aksje tsjin mûlkapkes by Linde College yn Wolvegea

De plysje hat moandeitemoarn yn Wolvegea in man oanholden, dy't aksjefierde tsjin it mûlkapke-advys op it Linde College. De man is it net iens mei it advys dat de learlingen mûlkapkes drage moatte. Hy hie syn aksje oankundige en de rektor fan de skoalle hie maatregels naam.
Man oanhâlden by aksje tsjin mûlkapkes by Linde College yn Wolvegea nr 2
It Linde College hat fan it wykein oerlis hân mei gemeente en plysje. Ek wie it personiel fan de skoalle op de hichte brocht fan de demonstraasje. Yn in mail oan it personiel skriuwt de rektor dat de man al faker yntimidearjend gedrach nei meiwurkers fan de skoalle sjen litten hat. Se hiene him al in lokaalferbod oplein. Dat betsjut dat hy net yn de skoalle of op it plein komme mocht.
De aksjefierder wurdt oppakt © ProNews