Frou fan It Hearrenfean mei 53.000 euro en auto nei hûs by Miljoenenjacht

Antje (52) fan It Hearrenfean hat sneintejûn 53.000 euro wûn by it televyzjeprogramma Postcode Loterij Miljoenenjacht. Sy wûn net allinne dit bedrach, mar ek in splinternije auto.
© Fotocredits Roy Beusker Fotografie
It wie in grutte ferrassing foar de Feanster. "Ik ga als het weer kan op vakantie met mijn kinderen," sei sy. Om't de lêste twa kandidaten yn it SBS6-programma net op de reade knop drukten foar in plak yn de finale, waard it útstapbedrach ferlotte ûnder de tribune. Dêr kaam Antje út.