Boargemaster oer Vuurtorentrail: "Je moet je afspraak nakomen"

Echt bliid wienen de ynwenners fan It Amelân der net mei, mar dochs waard dit wykein de jierlikse Vuurtorentrail organisearre op it eilân. Nettsjinsteande de coronamaatregels koe de hurdrinwedstriid foar bern en folwoeksenen trochgean. Wol dienen der dit jier minder minsken mei as ferwachte.
Hurdrinne © Shutterstock.com
Leo Pieter Stoel, boargemaster fan It Amelân, is tige te sprekken oer de wize wêrop't de Vuurtorentrail dit wykein ferrûn. "Ik denk dat we vanuit sportief perspectief een goed weekend hebben gehad. De organisatie en de deelnemers hebben zich uitstekend aan de afspraken gehouden. Het is bijzonder om een hardloopevenement te organiseren met deelnemers die mondkapjes dragen."

Unrêst op it eilân

Nettsjinsteande it goeie ferrin fan de wedstriid, fernaam Stoel wol dat it evenemint ûnrêst by de bewenners feroarsake op it eilân. Dochs hat er gjin spyt fan it feit dat er in fergunning jûn hat foar de trail. "Als je een vergunning verleent, dan kun je die alleen intrekken als je gegronde redenen hebt. Die redenen hadden we niet. Dan moet je je afspraak nakomen. Ik begrijp de zorgen van de mensen, maar het evenement staat los van de besmettingen onder de eilanders op dit moment. Daar ligt vooral mijn aandacht, om te zorgen dat we verdere besmettingen voorkomen."

Fernielings

Sneon waard in diel fan it parkoers fernield. Oft dizze fernieligs wat mei de protesten tsjin de Vuurtorentrail te meitsjen hienen, is net dúdlik.
Boargemaster Leo Pieter Stoel fan It Amelân