Ljouwert ûndersiket eigen hâlden en dragen tsjinoer Joadske hûze-eigeners yn en nei de oarloch

05 okt 2020 - 07:56

De gemeente Ljouwert dûkt de argiven yn om syn eigen hâlden en dragen tsjinoer Joadske hûze-eigeners yn en nei de Twadde Wrâldoarloch te ûndersykjen. Dat melde tv-programma De Monitor en sjoernalisteplatform Pointer.

Famylje De Jongh oan de Spanjaardslaan yn Ljouwert wurdt ôffierd - Foto: Verzetsmuseum

It ûndersyk wurdt dien om te efterheljen oft de gemeente Ljouwert bygelyks belesting frege hat oan Joadske hûze-eigeners dy't yn de oarloch ûnderdûkt sieten of yn in konsintraasjekamp finzen sieten. Ek waarden der yn de oarloch hûzen kocht troch Nederlânske gemeenten, dy't rôve waarden fan Joadske eigeners.

Earder al dienen de gemeenten Amsterdam, Den Haag en Rotterdam sa'n yngreven ûndersyk, wêrby't boppesteande delikten oan it ljocht kamen. Yn totaal betellen trije gemeenten 14,6 miljoen euro oan de neibesteanden fan de Joadske slachtoffers.

Yn neifolging op dizze ûndersiken dûke krekt as Ljouwert no ek de gemeenten Amersfoort, Assen, Arnhem, Deventer, Groningen, Hilversum, Zaanstad en Zwolle yn harren argiven.

(Advertinsje)
(Advertinsje)