Fûgelteller Henk Minkes: "De krinten yn de brij wiene der net by dit jier"

Sneon 3 oktober waard foar de 25e kear de nasjonale fûgelteldei hâlden. Yn Fryslân wiene minsken fan it fûgelûndersyksynstitút Sovon en fûgelwachten op paad om fûgels te tellen. "De krinten yn de brij wiene der net by dit jier", seit Henk Minkes fan de Fûgelwacht Trynwâlden.
© ANP Foto
Wie it freed noch wat dizich, sneon hienen de fûgeltellers goed waar. "Wy ha genôch fûgels sjoen, dêr hat it net oan lein", fertelt Minkes. "Wy binne op mar leafst 57 soarten útkaam yn de Trynwâlden." Alle jierren hat Minkes sa'n bytsje deselde top trije fan fûgels dy't it meast teld wurde. Ek dit jier wie dat it gefal. "De meast telde fûgels binne alle jierren de protter, de ljip en de ûnwaarsfûgel (stormmeeuw). Dat wie dit jier ek it gefal."

Top 3

Sa'n top trije seit lykwols neat oer de rest fan it lân, leit Minkes út. "It is in momintopname fan wat der op dit stuit oan fûgels yn ús lân is. Wy telle allinnich yn ús eigen gebiet. Lanlik stiet de protter dit jier boppe-oan, folge troch de fink en de piipljurk op it tredde plak."

Byld fan Fryslân

Njonken de Trynwâlden wurdt der ek op ferskate oare plakken yn Fryslân meidien oan de nasjonale fûgelteldei. Minkes hopet dat der noch mear fûgelwachten har oanmelde. "Wy ha no in stikje fan Fryslân yn byld, ik soe it moai fine as wy in byld fan hiel Fryslân krije soenen."
Fûgelwacht Henk Minkes