Liveblog | 5 oktober 2020

Coronanijs 5 oktober: rekôrtal nije besmettingen yn Fryslân

Yn dit liveblog hâlde wy jo op 'e hichte fan it lêste coronanijs yn Fryslân en de rest fan it lân.
Lêst bywurke: 6 oktober 2020, 06:46
moandei 5 oktober 2020
21:12

Coronaproof gearkomme yn Opsterlân

19:12

Thúsûnderwiis net altyd goed regele

By 18 persint fan de skoallen wurdt gjin thúsûnderwiis regele wannear't in learling thús bliuwe moat, docht bliken út in peiling fan de Algemene Vereniging Schoolleiders. Neffens de foarsitter leit dat net iens oan ûnkunde, mar mear oan in tekoart oan mankrêft. Ek by it CSG Comenius yn Ljouwert is it somtiden wrakseljen en sykjen nei oplossingen.
De teamlieder leit út wat de wurkwize is as der in learling test wurde moat: "As wy in melding krije dat ien twongen efkes thús sitte moat troch in testsituaasje, giet der in berjocht nei de stúdzjecoach. Wy wurkje mei in 'buddy-systeem.' Der komt in laptop te stean sa't de learling meisjen kin. Dy is dan keppele oan in oare learling of in groepke."
19:10

Hegeskoallen lûke mear studinten, ek al wienen de iepen dagen online

By beide Fryske hegeskoallen yn Ljouwert binne dit jier mear nije studinten as ferline jier. Op Van Hall Larenstein binne 4% mear earstejiersstudinten en it tal nije studinten fan it NHL Stenden is tanaam mei 5,2%. Dat lêste is mear as it lanlik gemiddelde fan 5%. Grutste groei is te sjen by Maritiem Instituut Willem Barentsz, dêr binne 26% mear earstejiersstudinten yn ferliking mei 2019. It binne 115 nije studinten.
© Omrop Fryslân
19:07

30 Minsken yn tsjerke

De tsjerken hiene in útsûnderingsposysje, mar nei de massale tsjinsten dit wykein yn Staphorst binne minister Grapperhaus en Yntertsjerklik Kontakt yn Oerheidssaken wer yn petear gien. En it hege wurd is der út: ek yn tsjerken meie no noch mar maksimaal 30 minsken komme. Klassisdûmny Wim Beekman fynt it spitich mar begrypt it wol.
16:03

Foar it yn Fryslân earst mear as 100 besmettingen yn in dei

Foar it earst sûnt de útbraak fan it coronafirus binne der mear as 100 nije besmettingen meld yn in dei. Tusken snein 10.00 oere en moandei 10.00 oere binne der 104 nije besmettingen bykaam. It âlde rekôr stie op 99, dat wie ôfrûne freed.
De measte besmettingen wiene yn Ljouwert: 29. Ek yn Súdwest-Fryslân (14) en Tytsjerksteradiel (12) wiene der mear as tsien besmettingen. Skiermûntseach is noch altyd de iennige gemeente yn Nederlân dêr't noch gjin coronabesmetting fêststeld is.
Ferlike mei snein binne der twa nije coronapasjinten opnaam yn it sikehûs. Der binne gjin nije stjergefallen meld.
Besjoch ús dossierside foar in oersjoch fan alle coronabesmettings yn Friese gemeentes sûnt it begjin fan de útbraak yn maart.

Nije besmettingen de gemeente fan moandei 5 oktober

Gemeente Besmettingen
Achtkarspelen 3
It Amelân 2
Dantumadiel 4
Eaststellingwerf 2
Flylân 1
De Fryske Marren 8
Harns 0
Hearrenfean 9
Ljouwert 29
Noardeast-Fryslân 2
Opsterlân 5
Skiermûntseach 0
Skylge 0
Smellingerlân 8
Súdwest-Fryslân 14
Tytsjerksteradiel 12
Waadhoeke 4
Weststellingwerf 1
16:02

Wat is it ferskil tusken gryp en corona?