Biograaf oer Hans Wiegel: "Hy woe earst neat mei my te krijen ha"

Pieter Sijpersma, âld-haadredakteur fan Dagblad van het Noorden en de Leeuwarder Courant, hat in biografy skreaun oer Hans Wiegel. Wiegel wie kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân fan 1982 oant 1994. De biografy soe op 1 oktober feestlik presintearre wurde, mei taspraken fan premier Mark Rutte en Eelco Brinkman. It coronafirus smiet roet yn it iten. "It is spitich, it hie in hiele eare west om it earste eksimplaar oan de minister-presidint te jaan", seit Sijpersma.
© ANP
Ast in biografy skriuwst oer ien, dan krûpst yn it libben fan dy persoan. Sa ûnderfûn Sijpersma dat ek: "Ik ha him wol tritich kear ynterviewd en dat gie hieltyd djipper. Earst wie it fansels ôftaaste en bleau it feitlik, mar geandewei besikest ta de persoan te kommen: yn syn gefoelslibben, mar ek yn hoe't hy no eins tinkt. Wat fynt hy fan de polityk yn syn algemienheid en wêr hellet er syn ideeën wei?"

Net ienfâldich

Dat wie lykwols noch net sa maklik. Neffens Sijpersma liet Wiegel dat earst net hielendal ta. "Hy is in hiel joviale, tagonklike man. mar hy is ek sletten. Dus ik moast wol syn fertrouwen winne." Sijpersma hie dêryn al ien foardiel: Wiegel koe him al as ferslachjouwer fan de Leeuwarder Courant. "We koene doe ek wol goed, dus dat skeelde wol."
Wiegel wie net fuort entûsjast oer de biografy. "Doe't ik him fertelde dat ik fan plan wie syn libben op papier te setten, sei er dat er dêr neat mei te krijen hawwe woe." Dochs is it boek, Hans Wiegel - De Biografie, no klear.
Skriuwer Pieter Sijpersma oer de biografy