Gjin BeNe League dit seizoen, iishockeyers UNIS Flyers sykje nei alternatyf

04 okt 2020 - 20:11

Der komt dit jier gjin BeNe League. Dat ha de Nederlânske iishockeyklups dit wykein nei oerlis besletten. Foarsitter Danny Micola sprekt fan in swiere beslissing. "Door de unieke situatie waarin we verkeren kunnen we de competitie tussen Nederlandse en Belgische teams voor dit jaar geen vervolg geven."

Foto: Margo Mulder

De BeNe League is fiif jier lyn oprjochte. Neist de UNIS Flyers fan It Hearrenfean dogge der út Nederlân ek klups út Den Haag, Geleen, Nijmegen en Zoetermeer mei. It wie de bedoeling dat it nije seizoen op 1 desimber losgean soe. Mar troch de nije coronamaatregelen fan it regear, benammen dat der gjin publyk oanwêzich wêze mei, hat alles feroare.

"De beslissing om geen publiek toe te staan is weliswaar maar voor drie weken, maar niemand weet hoe de situatie dan is. Onder die voorwaarden was het voor te weinig clubs mogelijk om op financieel verantwoorde wijze aan de BeNeLeague deel te nemen," sa seit in teloarstelde Danny Micola.

Krekt jild ophelle

By de UNIS Flyers is de teloarstelling grut. Om dit jier mei te dwaan yn de BeNe Leauge hiene de Flyers krekt mei sukses jild ophelle. "De begroting was voldoende om het seizoen aan te vangen maar de richtlijnen die afgelopen maandag door de overheid zijn afgekondigd, geen publiek (zelfs niet beperkt) meer toe te staan bij wedstrijden en de blijvende onzekerheid maakte het voor een aantal clubs onmogelijk te gaan spelen. Wij zullen in de komende dagen gaan kijken wat nu het beste is voor het Heerenveense ijshockey", sa skriuwt foarsitter Henk Hoekstra út namme fan it bestjoer op de webside fan de Flyers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)